Slider09
Slider08
Slider07
Slider06
Slider05
Slider04
Slider03
Slider02
Slider01
previous arrow
next arrow

Bêste Bel

Bêste Bello-freonen, Kenne jo dat, eefkes yn in hiele oare wrâld wêze? Yn de moanne novimber bygelyks? Lyk as foarig jier, fytse op de ATB op Skiermuontseach? Tusken de âlde dinnebeammen hearre jo allinnich it rûzjen fan ’e brâning en rûke jo de dunen en de see. Hjir kinne jo wier ta josels komme. En lekker ite fansels, en in noflik bêd en smûk tegearre wêzen mei Bello-minsken. Wat wolle jo noch mear. Spitich genôch kin it dit jier net op Skier. Se binne dêr oan it forbouwen. Mar Skylge is lyke moai. En B & W wolle it dit jier wol organisearje. It ankomme jier docht Piter it dan wer. In it koart: freed to middeis, 24 novimber fuort en snein to jouns 26 novimber wer werôm. ATB ‘s meinimme fansels. Bêd en brochje ien ‘e Folkshegeskoalle Schylgeralân, sliepe op ‘e sliepseal of yn in sliepkaemer. En in plakje om te iten fine wy wol. Sin om mei te gean? Wy hearre it graech op ‘e gearkomste op freed de 27e van dizze moanne.